maandag, mei 29, 2017

Gleon Heet

Hjoed is it gleon. Sittend yn'e hûs langet Doarmer nei de winterkjeld.Soe er lêst ha fan in simmerdepresje? Bestiet dat oars wol? Lju, dy't net fan sinne en waarmte hâlde en earst oplibje as yn'e hjerst wyn en rein de wrâld ôfkuolje. Doarmer mei wol oer de hjerst, mar waarmte fynt er ek net slim, it leafst is er dan wol oan see op in eilân of sa. Hy is no dwaande in gaadlik wenstee te sykjen. Wêr is it deis sinnich, likernôch 22 graden mei in bytsje wyn en yn'e nacht koel en wiet, it lân moat fansels wol grien bliuwe.