donderdag, augustus 16, 2018

In kening Een koning


Doarmer hat de film sjoen, der wie protte krityk, mar Doarmer fûn it tige nijsgjirrich. Hy hat him troch syn stúdzje in soad mei dy tiid dwaande hâlden en tocht by it sjen fan’e film , sa sil it wol gien wêze. En boppedat , wat in kening!

dinsdag, augustus 14, 2018

Simmermoarn Zomerochtend

simmermoarn

Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn! 't Opgeande sintsje laket my oan. 't Hoantsje kraait: kûkelû! `t Doke ropt: rûkûkû! Ik wol ek sjonge fleurig fan toan. 't Hoantsje kraait: kûkelû! `t Doke ropt: rûkûkû! Ik wol ek sjonge fleurig fan toan.

Alles wat libbet docht der no sines by: Fôltsjes en kealtsjes hynders en kei. Guoskes, dy snetterje, skiepkes, dy bletterje. Lamkes, dy springe nuvere blij. Guoskes, dy snetterje, skiepkes, dy bletterje. Lamkes, dy springe nuvere blij. 

't Lurkje yn 'e wolken, de eintsjes yn 't lizich wiet, moskjes en sweltsjes, elts sjongt syn liet De ea' barren klapperje, ljipkes wjukwapperje. Skries op 'e hikke, ropt grito-griet! De ea' barren klapperje, ljipkes wjukwapperje. Skries op 'e hikke, ropt grito-griet! 

`k Woe foar gjin gûne dat 'k jit te sliepen lei, 't is my sa noflik ier op `e dei. Protters, dy tsjotterje, de eksters, dy skatterje, alles is fleurich, ik bin it mei. Protters, dy tsjotterje, de eksters, dy skatterje, alles is fleurich, ik bin it mei.

Trije Drie


dinsdag, augustus 07, 2018

Oanlûke Aantrekken

Hitte bestrijdt men met hitte. Vandaar dat Doarmer de heetste dagen in en bij een sauna doorbrengt. Een 37 graden is best verkoelend als je net in een sauna van 90 graden hebt gezeten. Voeg daarbij een koud dompelbad en je krijgt de neiging om een vest aan te trekken.

vrijdag, augustus 03, 2018

Knipperke Middagdutje

Hjoed wie it wer gleon, sadat wy wer om healwei achten draafd ha. No seis froulju en trije manlju. De lju libje tsjintwurdich moarns ier en jûns, oerdei sliepe hja. Bestiet der al in Frysk wurd foar siesta? Doarmer tinkt dat " knipperke " likernôch itselde betsjut.