zondag, mei 28, 2006

Swylje

Sturtswyljend rûnrinne
oer it lân fan dreamen,
meand en koart,
biidzjend in nij begjin
tinzen sammeljend,
it mankelike hea fan eartiids.

3 opmerkingen:

Anoniem zei

Oersetting (Vertaling):
De laatste restjes bijeenharkend rondlopen,
over het land van dromen,
gemaaid en kort,
in afwachting van een nieuw begin,
gedachten verzamelend,
het melancholieke hooi van vroeger.

Sturtswylje = met de hooihark bijeenhalen, wat bij het samenbrengen van het hooi is blijven liggen

Anoniem zei

Der wie ris in boer, dy krige ûngetiders. It wie tige drok yn 'e heatiid. Dy ûngetiders moesten swylje. De boer sei tsjin 'e mannen: "Jimme matte alle hea nei de kant ta swylje." Dat like dy arbeiders nuver ta. It wie altyd de gewoante it hea nei de midden ta to swyljen. Mar omdat de boer it sa ha woe, swilen se nei de kanten.
Der wie ien arbeider by, dy wie hwat dryster as de oaren. Dy tocht: "Nou woe 'k dochs wolris wite hwerom't wy krekt oars swylje as de gewoante is." Hy sei tsjin 'e boer: "Hwat merakels binne dat? Oars swylje wy altyd nei de midden ta." Doe sei de boer: "Ik ha fan 'e moarn de waerbirichten foar de radio heard. Se seinen: - In het midden van het land regen -."

Anoniem zei

Meane, droegje, skodzje, swylje en ynhelje