vrijdag, december 15, 2006

De hillige famylje


Stille nacht, Hillige nacht

Stille, nacht, hillige nacht,
Heech oer 't fjild, himelljacht,
't Bernke yn 'e krêbbe,
it slommet sa swiet,
Glimkjend yn sliep ta it ingleliet;
Lyts en dochs wûnder fan krêft,
Slomje no bernke, sliep sêft.

Stille nacht, Hillige nacht,
D' ierde jout lúst'rjend acht,
Fier oer de loft giet it boadskip rûn,
God hat wer nocht oan de minsken fûn,
Frede is d' ierde biskern,
Frede oan ús fan dit bern.

Oerset troch D. Kalma

Geen opmerkingen: