Binn’ t gjin kunden! Sjoch de swarte giet foarop,
Dan Jan en Klaske; trije-oer is wat steech;
Dêr draaft de bûnte, ’t weake lân jout mei.
En ’t wetter spat, de âlde nei, omheech.
Wien’ hja ús folk gjin freonen? Simmertiids
Gong ieuwen-lang de finne lâns har paad;
En kaam de kjeld yn’t skrouske winterlân,
De bûnte rige waard nei’t hege hússtee laat.
Obe Postma
3 opmerkingen:
in keal sûcht oan myn hân
en fierderop yn it lân
balte de kij
hjir binn' de grûnfoarmen
fan myn siele lein
al wêr't ik gyng lang om let
de grûntoanen wiene foar altyd set
Kaam Obe fan in pleats út Surch? Hy hat dochs ek "de boerinne fan Surch" skreaun?
Oersetting:
kij ophelje = koeien ophalen
Een reactie posten