Hwat ropt dy iene fûgel bliid,
Hwat klinkt syn wille klear en wiid,
Nou tear en fyn,
Dan sterk en stoer,
De fjilden oer,
De loften yn;
Hwat ropt dy iene fûgel bliid;
Hy sjongt in komstge tiid -
De himel bôget heech en klear,
It goudljocht sparket oer syn fear,
En duorjend giet
Yn golle klank
Sa fol en blank
Syn leauwend liet;
It goudljocht sparket oer syn fear -
Hy wit himsels net mear.
Hy sjongt de jonge tûken grien -
Der is oan de âlde beam net ien
Dy’t by syn rop
Yn slomme bliuwt;
Syn sjongen driuwt
De knoppen op,
Hja boarste en bloeije, ien foar ien,
Hy júblet alle tûken grien -
O hope, dy’t yn’t kealste hout
Dyn nêsten fan gedichten bout,
Sjong lûd en blier
Troch dizze dei
Dyn profesij:
‘t Is net to ier!
Mei’t deade hout de lêste twivel stjert;
Myn Fryslân, ’t is dyn eigen sjongend hert -
Fedde Schurer
Geen opmerkingen:
Een reactie posten