Klei om de fûgel net
Dy’t sa klearlûdich song
Dat oandien waard it hert
Fan swalkers âld en jong;
Klei net, want yn syn sang
Klonk oars as maitiid op;
Sa wûnder yn syn twang
Wie nea in kûkûts-rop.
Klei net: dû hearste it liet,
De fûgel hiestû nea:
Krekt dêrom klonk sa swiet
Syn jubel oer it gea.
Oer’t lichem wint me macht,
De siel ûntkomt aloan.
Sa bliuwt it oant de nacht:
Ien stjert, en is ûntstoarn.
Untgien, en doch ferbûn;
Ferbûn, en doch ûntgien;
Sa, riigjend stûne oan stûn’,
Is ring ús libben gien.
Mar hast it liet goed heard?
Bliuw tankber, jimmeroan;
It brocht wat nea ferstjert
Ta alle wiksel oan.
Douwe Kalma
Geen opmerkingen:
Een reactie posten