woensdag, oktober 10, 2007

Snein Zondag

it sneinet oer it fjild
in koele dei
ier en let komme gear
op grien en ûnder blau
lette kij op lette gerzen
iere guozzen ûnder lette sinne
mei de hoare rop
lan lette hjerst of iere winter
noch net manmachtich
gelokkich

de toer fan tsummearum
moannet krekt even fûlder
as dy fan easterbjirrum
mar beide net fûl genôch
om my oer de tsjerkedrompel te krijen
ik wachtsje it boadskip hjir

de graulaaien loft boppe it waad
wurdt skjinfage
de lêste grize flarden nei it easten
en dan sil god op it driigjend blau
mei flamjend wite letters
syn lêste oardiel bekend meitsje

ik allinne bleau oer
om it jim oan te sizzen

Sybe Krol

Geen opmerkingen: