Wat opdracht haw ik yn dizz' libbensstream?
Myn krêften binne net dat ik se neam;
Gjin stiennen romme ik wei of oar obsteakel,
Myn lodwurk is in skôgjen en in dream.
Net jimmer hoecht in dicht nei't iv'ge ta te rinnen,
Ek tichter by is dichters stof te winnen;
Dêr is de leaflikens fan ierde' tún,
En 't stille omgean fan wat deisk beminnen.
Obe Postma: Fryske fjouwerrigels
Geen opmerkingen:
Een reactie posten