Ik sjoch dy yn it hjerstich jûnsrea
tusken fallen apels,
reelizzend foar de smots.
Ik hear dy, laitsjend en dy fernuverjend
oer in podde dy’t hast ûnsichtber
troch de giele blêden hipt.
Ik rûk dy tusken de wietige rook
fan beammen en gers.
Ik fiel de waarmte fan dyn lea
en ik wit:
De simmer hat efkes lins,
mar komt perfoarst werom.
2 opmerkingen:
soa moai,soa moai, dyn wurd', doarmer.
Leave Nynke, dyn wurden noaskje Doarmer tige.
Een reactie posten