Juster wie Doarmer tegearre mei oare Friezen yn’e stêd U. It wie tige nijsgjirrich, it stânbyld fan W. op in hynder mei in Frysk sealtektsjerkje yn syn hân, de beammen lâns de grêften mei harren rea-brúne hjerstblêden , de midsieuwske tsjerken en nei ôfrin it smoute petear, mar bytiden eaze it slim. Faaks is it dêrtroch kommen, mar yn elts gefal hjoed wie Doarmer in bytsje heal en seach hy de wrâld yn in dize.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten