Hy skoep syn wrâld, oerseach it hear,
mar it meitsjen inkeld wie net foldwaande.
Algeduerich moast hy it ek bewarje,
wat net tafalt as jo net almachtich binne.
Hieltyd feroaringen hommels.
Guod, bisten, dat gie, mar minsken?
Wif en harren sels in riedsel,
moast hy kedize, wa’t yn syn wrâld hearde
en wa’t syn lytse hôf ferlitte moast
en hy fielde gjin laitsjende twirre mear.
2 opmerkingen:
"en hy fielde gjin laitsjende twirre mear...."
Doarmer fielde dy gjin laitsjende twirre mear, hjoed?
Jawis, hjoed wie d'er in laitsjende twirre.
Een reactie posten