En eagen
brekke yn in holle, yn in wynstille
Pleats,
dêr't, in bline planeet allyk, in siel yn omslingeret
Dy't de
doarren tichtklapt fynt, finsters mei hynstehûden
Blynkape;
bientige fingers, dy't rikke nei in fjild fol
Bloedreade
soerstâlen, betaaste it tsjustere stof
Fan fermôge
hoannebalken op de lêste grissels fan
It ljocht;
en ûnder 'e pannen mei de deade fûgels
Kreaket,
stiller as de spinnen yn har webben fan inket,
In byntwurk dat syn grûn fynt yn in seesâlte ierde.
Tsjêbbe Hettinga