zondag, augustus 31, 2014

De holle Het hoofd


En eagen brekke yn in holle, yn in wynstille  

Pleats, dêr't, in bline planeet allyk, in siel yn omslingeret  

Dy't de doarren tichtklapt fynt, finsters mei hynstehûden  

Blynkape; bientige fingers, dy't rikke nei in fjild fol  

Bloedreade soerstâlen, betaaste it tsjustere stof  

Fan fermôge hoannebalken op de lêste grissels fan  

It ljocht; en ûnder 'e pannen mei de deade fûgels  

Kreaket, stiller as de spinnen yn har webben fan inket,  

In byntwurk dat syn grûn fynt yn in seesâlte ierde. 

Tsjêbbe Hettinga

Geen opmerkingen: