De loane
Nea weromfûn
de donkere loane
mei tichtflechte
beamte
dêr hinge noch hea
yn.
It rûze dêr
súntsjes
wat wie it
boadskip?
Lei fan âld folk
earne in fuotprint?
By tiden twirre't
yn de strewellen
heimlike fûgels
miskien in
njirre...?
Súnichjes struide
de sinne wat
goudjild
yn moude en kjitten
waard it wei.
Ik skramme my
oan toarnbei en
hagebeam
ik ferdreamde de
tiid
yn de rook fan in
tateblom.
Ik socht en socht
nea weromfûn
de donkere loane
in plak om te
stjerren
bûten de wrâld.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten