simmermoarn
Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn! 't Opgeande sintsje laket my oan. 't Hoantsje kraait: kûkelû! `t Doke ropt: rûkûkû! Ik wol ek sjonge fleurig fan toan. 't Hoantsje kraait: kûkelû! `t Doke ropt: rûkûkû! Ik wol ek sjonge fleurig fan toan.
Alles wat libbet docht der no sines by: Fôltsjes en kealtsjes hynders en kei. Guoskes, dy snetterje, skiepkes, dy bletterje. Lamkes, dy springe nuvere blij. Guoskes, dy snetterje, skiepkes, dy bletterje. Lamkes, dy springe nuvere blij.
't Lurkje yn 'e wolken, de eintsjes yn 't lizich wiet, moskjes en sweltsjes, elts sjongt syn liet De ea' barren klapperje, ljipkes wjukwapperje. Skries op 'e hikke, ropt grito-griet! De ea' barren klapperje, ljipkes wjukwapperje. Skries op 'e hikke, ropt grito-griet!
`k Woe foar gjin gûne dat 'k jit te sliepen lei, 't is my sa noflik ier op `e dei. Protters, dy tsjotterje, de eksters, dy skatterje, alles is fleurich, ik bin it mei. Protters, dy tsjotterje, de eksters, dy skatterje, alles is fleurich, ik bin it mei.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten