zaterdag, januari 14, 2006

Ofwachtsje



De sinne skynt! Ik tocht súver, de maaitiid komt yn’t lân, mar it gers is froastich wyt, in bytsje in winterlânskip, sa fan “ op de redens oer “. Dizze middei haw ik in wedstriid, tsien km, de grûn is droech en hurd, it wurdt gjin bodzjen, mar in sierlik gefjocht tsjin de swiertekrêft.Feart ynsté fan krêft. Ik bin al dwaande adrenaline te sammeljen. Aanst in bakje kofje, dan de kar fan de skuon en fansels hokker klean. Ja, minsken, it falt net ta, benammen net as de wedstriid yn it eigen doarp is. Dan stiet d’er in soad yn ‘e kiif.

3 opmerkingen:

Anoniem zei

It slagge net in kapke op de grutte O te krijen, Sippe

Anoniem zei

Ő

Anoniem zei

In fersin:

Ô Ô Ô Ô Ô

It wurks, nou ai ken kontrol zie wurld