Jouke wie in sutelder yn Marssum en Menaam Yn hiel it Bildt wie der gjin plak dêr’t Jouke noait es kaam Hy hie wat griente en wat fleis foar froulju op syn wein Mar Jouke hie it bêste fleis foar Tonny út Wâldsein
Hy hie it fak leard fan in man dy’t sutele yn Snits Mar Jouke wie in doarpsfiguer dy’t thús wie yn Wymbrits Hy sutele yn Minnertsgea, hy sutele yn Tsjom Mar jûns wie hy foar ’t tsjuster wie by Tonny wer werom
Hy hie wol leafde foar syn fak, syn wein wie altyd kreas Hy rôp: ‘Wa wol der apels ha?’ syn lûd eroatysk heas De froulju waarden oe sa gleon fan Joukes seksy lûd Mar Jouke tocht oan Tonny thús, by Tonny wie it goed
De froulju wachten by de wein yn Akkrum en yn Sleat Har tinne jaskes iepenslein, har sêfte skouders bleat Mar Jouke seach dat moais net oan, dêr op syn kreaze wein Syn hert wie foar dy boeresoan, dy Tonny út Wâldsein
1 opmerking:
Jouke wie in sutelder yn Marssum en Menaam
Yn hiel it Bildt wie der gjin plak dêr’t Jouke noait es kaam
Hy hie wat griente en wat fleis foar froulju op syn wein
Mar Jouke hie it bêste fleis foar Tonny út Wâldsein
Hy hie it fak leard fan in man dy’t sutele yn Snits
Mar Jouke wie in doarpsfiguer dy’t thús wie yn Wymbrits
Hy sutele yn Minnertsgea, hy sutele yn Tsjom
Mar jûns wie hy foar ’t tsjuster wie by Tonny wer werom
Hy hie wol leafde foar syn fak, syn wein wie altyd kreas
Hy rôp: ‘Wa wol der apels ha?’ syn lûd eroatysk heas
De froulju waarden oe sa gleon fan Joukes seksy lûd
Mar Jouke tocht oan Tonny thús, by Tonny wie it goed
De froulju wachten by de wein yn Akkrum en yn Sleat
Har tinne jaskes iepenslein, har sêfte skouders bleat
Mar Jouke seach dat moais net oan, dêr op syn kreaze wein
Syn hert wie foar dy boeresoan, dy Tonny út Wâldsein
Een reactie posten