maandag, februari 26, 2007

Sutelder Venter

sutelder

1 opmerking:

Anoniem zei

Jouke wie in sutelder yn Marssum en Menaam
Yn hiel it Bildt wie der gjin plak dêr’t Jouke noait es kaam
Hy hie wat griente en wat fleis foar froulju op syn wein
Mar Jouke hie it bêste fleis foar Tonny út Wâldsein

Hy hie it fak leard fan in man dy’t sutele yn Snits
Mar Jouke wie in doarpsfiguer dy’t thús wie yn Wymbrits
Hy sutele yn Minnertsgea, hy sutele yn Tsjom
Mar jûns wie hy foar ’t tsjuster wie by Tonny wer werom

Hy hie wol leafde foar syn fak, syn wein wie altyd kreas
Hy rôp: ‘Wa wol der apels ha?’ syn lûd eroatysk heas
De froulju waarden oe sa gleon fan Joukes seksy lûd
Mar Jouke tocht oan Tonny thús, by Tonny wie it goed

De froulju wachten by de wein yn Akkrum en yn Sleat
Har tinne jaskes iepenslein, har sêfte skouders bleat
Mar Jouke seach dat moais net oan, dêr op syn kreaze wein
Syn hert wie foar dy boeresoan, dy Tonny út Wâldsein