Wannear’t dit dan in dream is, lit ús dreame
En glimkjend bûge nei de stille gloed
Fan’t sûzjend hurdfjoer: hjir is alles goed
En kin gjin wurd de djipste dingen neame.
Hark, stoarmen geane om en oan de seamen
Bylkje de loften swier as stjurre bloed;
De wetters binn’ yn’t rizen ta de floed:
Nea lei ús eilân faaier yn it streamen.
Mar do en ik, de bern, sa’t wy hjir sitte
En sa’t ús hert ienselde mjitte slacht,
Binn’ feilich yn de driging fan de nacht.
Ek yn de lêste driging: ienris sjitte
Ús sielen blank as fisken troch it ljacht
Fan kleare wetters – djipper dream temjitte.
M. Sikkema
Geen opmerkingen:
Een reactie posten