woensdag, november 04, 2009

Ride Schaatsen

Joech de maaitiid folle wille,
Ek de winter is my djoer,
As’k dy sjoch, sa moai en krigel,
D’eagen fol fan heger fjoer.

Mei de faam der oer te waaien,
Wat in wille foar in Fries!
Binn’de beammen keal en neaken –
Dat is : maaitiid op it iis.

P.J. Troelstra

Yn 't sulver skoot de Greidhoek by my lâns.
In lichte rûchfroast hâldt it gea omsletten.
De stille skiep fine amper noch wat fretten
En pleatsen sliepe, hawwe neat omhâns.

Ien ienlik boerefamke griep har kâns
As harke it nei de twang fan âlde wetten.
Op 't iere iis fan de novimbersleatten
Siket it preamkeskowend om balâns.

Do lytse rydster met dyn wiffe skek,
Weibruid fan ûnder heite skuorretek,
Ik sjoch dy as jongfaam al swierich strûzen

De Alve Stêden del as wie it neat,
Fergetten is dy dan dy smelle sleat...
En jimme skriuwe al lang it jier twatûzen.


D.A. Tamminga

Twee schaatsgedichten, waarin het natuurlijk niet alleen gaat over het schaatsen en het ijs, maar ook over de faam/ it famke op het ijs.

Geen opmerkingen: