De dei hat in godlike jefte my jown
Op myn wei ha’k twa laitsjende roazen foun.
Heech sloech myn hert, doe’t myn hân har omsleat:
De iene wie wyt en de oare wie read.
Wyt dy, as de snie fan it winterske lân;
Read dizze, as in herte fan hertstocht yn brân.
‘k Brocht stâlle nêst stâlle to drinken yn’t wiet;
‘t Wie moai as in dream dy’t yn wierheit bestiet.
Mar hja doarsten net stean yn it seingjende ljocht;
De bûgjende tsjelken, de groun ha se socht.
En stâllen en blêdden ha’k yneltsoar woun;
Sniewyt en bloedread yn in hillich forboun.
Fan myn wite roas siigde swijend in blêd –
Ik seach, it wie toar; ik skeinde ‘m net.
Nou sill’ hja foriene to bloeijen stean
Oant it libben har wijt ta in bloeijend forgean.
Myn roazen, jim strielende ienheit yn ‘t ljocht,
Hoe’n wûnder foar ’t hert, dat har twiveljend socht.....
Fedde Schurer