Oh ja 't is wier,ik fiel my hjoed
Hiel oars as oars, begryp my goed
Myn hûs stie oeral op'e wrâld
Gjin plak dêr't ik sa fan hâld
Ik stiel herten, die oaren sear
Makke freonen, ferlear in pear.
De lêste dagen bin ik bang
Dat ik sa nei dy ferlang.
Ik sil dy sizze dat ik grutsk bin
En myn tinzen stean hiel ticht by dy
Fryslân do ropst my, ja ik wol nei hûs
En soe ik ea in frjemde wurde
En dyn grûn fielt net mear as fan my
Fryslân o Fryslân ik longerje nei dy
O Fryske grûn, do joechst my brea
De griene greiden, de rook fan hea
Dyn loften wyld, dyn marren wiid
Dat is myn byld fan dy tiid
Fertel ferhalen,sjong fan dyn grûn
It is wêr't eartiids myn libben begûn
't Ferwûndert my hoe as it kin
Dat ik mysels hjoed net bin
Ik sil dy sizze dat ik grutsk bin
En myn tinzen stean hiel ticht by dy
Fryslân do ropst my, ja ik wol nei hûs
En soe ik ea in frjemde wurde
En dyn grûn fielt net mear as fan my
Fryslân o Fryslân ik longerje nei dy
Geen opmerkingen:
Een reactie posten