vrijdag, juli 27, 2018

In gleone dei Een hete dag

As hurddraver moatte jo wol wat.  It wie hjoed yn W. wer tige gleon, sadat de dravers al wit hoe betiid ree stiene, nammentlik om healwei achten. Seis minsken, fjouwer froulju en twa manlju. De oaren joegen belies. Doarmer koe it wol aardich ferneare, mar ek foar him wie toarst de grutste fijân en hy fernimt  dat er âlder wurdt om't er eartiids yn Spanje midden op'e dei as in ljip tegearre mei  de Spanjerts draafde.