woensdag, januari 11, 2006

It deistige



Sa begjin jannewaris is ek oerdei it ljocht frjemd, in twiljocht sûnder ein, benammen as it ek reint, sa as hjoed. It hat wol syn eigen moaijens, dat dizige ljocht, dat in ûnsjenbere sinne ûnthjit. Hoe soene wy it fûn hawwe, as op dizze wrâld de sinne mar ien dei yn’t jier skynde. Ik tink dat wy sa’n hiele dei mei de mûle iepen nei boppe stoarden, dan waard der net wurke, gjin iten sean, neat, allinnich sjen en fernuverje en it hiele jier soene wy langje nei dy dei en wat soe der barre as immen krekt dy dei siik ûnder de tekkens lei. Wie dan sa’n jier fergriemd, soe de fertwiveling sa’nien oermanje? Dy dei yn’e finzenis wie dan slimmer as trije jier no. In wûnder bestiet trochdat it selsum is, as immen eltse dei oer it wetter rint, fernuveret gjinien him en hwerom ek, it is neat neffens it baarnende fjûr fan’e sinne.

Geen opmerkingen: