zondag, januari 15, 2006

Útrinne











Fanmoarn oardel ûre útrûn. Starich, genietsjend fan it waar, it lânskip. De stivens moat no ienris út de skonken nei de striid fan juster.Ûnderweis seach ik M.Z. , by har moat it draven fier wei komme, mar hja is in lytse trochsetster, dy’t in soad ferneare kin. It is lijen, mar yn ‘ e Vedyske betsjutting fan adhidaivika-kleśa (lijen troch natoer), lêstiger is de adhibhautika- kleśa (lijen troch oare minsken). Hjirmei haw ik dizze wike konfrontearre west en foar my bliuwt dan “it ken josels” in filosofyske falkûle. Measttiids is ús hanneljen is in gearmjuksjen fan ûnnoazelens, eigenleafde en needlot.It hat neffens my neat mei kweadens te krijen , mei “tsjoedens” (ek sa’n wurd, dat ik besykje fan de dea te rêdden). De wrâld giet ûnder, om’t wy it sa goed miene. Alles is emoasje ,dy’t wy efterôf besykje te rasjonalisearjen.

2 opmerkingen:

Anoniem zei

it kwea,mar wat oars, werom kin men yn dyn weblog net " anonymous " komme, hast dat mei sin dien?

Anoniem zei

Sil ik dwaan