zondag, maart 12, 2006

De ein fan Obe

Ein
Noch in boek mei wat sangen; wat witnisspul
Ut âlde brief beskreaun?
Mear kin ik net wachtsje; de oere giet,
De dream is hast ferdreaun.

Fier oer de bergen it ljocht dat ea
Ut fergûne sinne blonk;
Troch de beammen in rûzjen fan ivichheid,
Dêr’t al wat wie fersonk.

Ferstoarne geslachten’ wêzens skyn
Stiet bûten tiid en stee.
De weagjende siele naam har op;
Sa jou dy oer oan de see.

Obe Postma (1868-1963)

3 opmerkingen:

Anoniem zei

Moat de ein fan Obe net ophokt wurde?

Anoniem zei

Beste anonymous, de eintjes hearre yn't lizich wiet of smûk mei de kop yn 'e plom rounom driuwkelje (it liket wol of't ik sitearje moat)

Anoniem zei

toelichting: ein heeft in het Fries twee betekenissen:
1. eend
2. einde