woensdag, mei 23, 2007

Twaris Tweemaal

Doe't ik dy seach lang ferlyn
Wat docht it dochs sear as ik d'r wer oan tink
Ik sjoch dy
Ik hear dy
Ik fiel dy, eltse kear opnij
Hjir bin ik
Wêr bisto
It is al lang lyn
Hjir bin ik
Wêr bisto
It is te lang lyn
Do bist net oars as leaf
Want do dochst gewoan neat ferkeard
Ik hâld fan dy, sa asto bist
Datst dat dan wol efkes wist
Hjir bin ik
Wêr bisto
It is al lang lyn
Hjir bin ik
Wêr bisto
It is te lang lyn
Ik sjoch dy
Ik hear dy
Ik fiel dy, eltse kear opnij

2 opmerkingen:

Anoniem zei

Orpheus?

Anoniem zei

Sokssawat