donderdag, maart 27, 2008

Licht Mogelijk

Hwa wit is’t bêst mar wurdleas dreamen,
inkeld it lok, syn namme net -
hwant licht dat yn dat dryst bineamen
in glâns bislacht, in skientme stjert.

Licht dat it lok syn oantlit keare
en dû dyn oermoed rouwe soest,
ast fan syn lêst geheim de teare
en lichte wale weidwaen woest.

Wês skruten yn dyn hân to krijen
hwat djûr en faei to brekken is –
hwa wit is’t better ’t wurd to mijen
by hwat net út to sprekken is.

Fedde Schurer

Geen opmerkingen: