dinsdag, augustus 26, 2008

Dûnsje Dansen

Doarmer hat hjoed wer ferskate nijsgjirrige ûnderfiningen hân, in petear, der’t er mear yn’e marse hie as er útpakke woe, in moeting, dy’t oars rûn as er tocht hie. Koartsein, it libben lit him net folslein stjoere, en it is eins tiidfergrieme dat te besykjen. Bytiden ferjit er wol, dat er troch in dream doarmet, troch syn dream. De bylden, dy’t er yn’e wrâld tsjoent, easkje in ûnferweechlike wurklikheid op, dêr’t de dream dizich troch wurdt en de swierte alles nei de grûn lûkt. Doarmer lykwols bliuwt yn syn kearn in dûnser, boartsjend mei de swiertekrêft.

Geen opmerkingen: