zaterdag, augustus 15, 2009

Simmermoarn Zomerochtend

Wat bisto leaflik, rizende simmermoarn!
't Opgeande sintsje laket my oan.
't Hoantsje kraait: kûkelû! `t Doke ropt: rûkûkû!
Ik wol ek sjonge fleurich fan toan.

Alles wat libbet docht der no sines by:
Fôltsjes en kealtsjes hynders en kij.
Guoskes, dy snetterje, skiepkes, dy bletterje.
Lamkes, dy springe nuvere blij.

't Lurkje yn 'e wolken, de eintsjes yn 't lizich wiet,
moskjes en sweltsjes, elts sjongt syn liet
De ea' barren klapperje, ljipkes wjukwapperje.
Skries op 'e hikke, ropt grito-griet!

`k Woe foar gjin gûne dat 'k jit te sliepen lei,
't is my sa noflik ier op `e dei.
Protters, dy tsjotterje, de eksters, dy skatterje,
alles is fleurich, ik bin it mei.

Waling Dykstra ( 1821- 1914)

Dit lied is de manier om wat vogelnamen te leren: Ljurk (leeuwerik), sweltsje (zwaluw), earrebarre (ooievaar), guos (gans), protter (spreeuw), skries (grutto), do (duif), ljip (kievit), mosk (mus), ein (eend).

Geen opmerkingen: