maandag, juli 19, 2010

Fersilje Verspillen

Wat haw’k bedijd yn al dy lange jierren?
In hânfol fersen, dêr is it mei sein;
ik haw, in skoalbern, tige op’t snjit en fleurich,
wat flinterknipt en boarte op libbens plein.

It is al let; ‘k sjoch de fersille oeren,
in fjild fan stiennen, om my hinne stean.
Wat jout it dat aloan mei lome wjokslach
myn tinzen oer dy toarre oarde gean?

Ik lit se saaie oer grien en pôlen blommen,
geurjend en kleurd fan waarmens dy’t ik joech
yn freonskip, en ik bin werom by harren,
waans libben ‘k, lang of koart, yn leafde droech.

Rixt (1887- 1979)

Geen opmerkingen: