Dat myn
freonen út Hollân bytiden sizze dat se dat Frysk better ferstean kinne as dat
se tochten, liket in komplimint te wêzen en ik hingje dan yn earste ynstânsje
ek oer nei in swietmûlkjend andert, om’t der al wer in argumint oantôge liket
te wurden om de Friezen och sa aaiber te finen, mar eigentlik fyn ik sa’n
opmerking hielendal net sa aardich om te hearren. Sok
kommentaar ûntfytmannet my ommers de grutskens op it hawwen fan in eigen
wjerstribbige spraak, dy’t jo net samar talit yn de wjerlûdzjende ferwulven fan
syn skiednis, yn de twiljochtige fertrekken fan syn geheimen en emoasjes, yn de
dizige portiken fan syn reauntsjende, mûskopjende
lûden, yn de deistige húskeamer fan syn laitsjend of keakeljend, puollemûlkjend
of núnderjend,
swiersettich of boartlik praten en sjongen. Om’t
eltsenien it yn it hiele lân oer deselde dingen hat, dingen dy’t de
oerwâldzjende, kondisjonearjende platte bak foar it organike bankstel oer, as
human interest befizelemierd geâldehoer,
de keamer yn jeuzelet, is de kommunikaasje tusken praters, filosofearders,
kletsmeiers en
–majoaren, kreauwers en kedizers egaler wurden, hat elke taal of elk dialekt
syn spesifikens ferlern en
fersteane wy elkoar dan faaks noch net hielendál, mar witte dat wy it fan Goejanverwellesluis
oant Koufurderrige oer itselde hawwe.
Myn Hollânske freonen fan no krije fansels
hiel wat oars foar de kiezzen as it evakuearre toskedokterssoantsje
út Den Haag, dat wy yn ’e oarloch op it doarp as kammeraat krigen en dy’t wy mei it
fjild yn namen en alle techniken fan it ljeppen, sa as it bûkeljen, it
sturtsjebrekken en de boereplof,
bybrochten. Hy kaam
der ek efter dat der stikelstutsen waard, op smelle seize en skeane sâne en
loflutsen, fuorge,
oanierde, mûzedrinzge, slatten en hekkele en hy krige, troch de achteleazens
dêr’t elk sokke
wurden mei falle liet, it hast mystike gefoel dat dy wurden ek ea út dat fjild
kommen wiene, út dy
grûn, en dat dy troch de tsjûkste ilige lagen op fuotsoallen lang om let nei
boppen nei de tonge
groeid en in taal wurden wiene. Hawar,
taal en minsken binne loskommen fan de grûn, hawwe globalisearjend en
digitalisearjend de modder
fan de fuotsoallen skopt en binne evoluearjend ûnderweis nei it suver hillige
stadium fan kommunikaasje: elk hat it
oer itselde, yn in, nei alle gedachten dikteeleas, filologysk paradys.
Geen opmerkingen:
Een reactie posten