woensdag, januari 16, 2013

Geie fan wille Schreeuwen van plezier

Een lied van Pieter Jelles troelstra. U kunt het hier beluisteren

Troch seeën skaad en lannen,
fier oan it westerstrân.
Tink ik mei sucht en triennen
Oan dy myn Heitelân!
It wâlet troch myn herte
mei ing’le harpgerûs.
Tink ik oan dy myn Fryslân
en oan myn âldershûs.

Hûs, leaf, leaf âldershûs!
Tink ik oan dy myn Fryslân,
en oan myn âldershûs.

Der blinke glêde marren
yn 'e sinneskyn,
wêr ranke boatsjes driuwe,
sêft dûnsjend op 'e wyn.
En as de fûgels floitsje
op fean en bou en san,
hja geie 't út fan wille,
yn dy, myn heitelân.

Lân, leaf, leaf heitelân!
Hja geie 't út fan wille,
Yn dy, myn heitelân.

Yn 't beammeskaad beskûle
stiet ús âlde went;
In smouter plakje op ierde
ha 'k nearne, nearne kend!
Der hat ús mem my
widze
sa sillich yn 'e sûs,
der boarte ik oan har knibbel
yn dy, myn âldershûs.

Hûs, leaf, leaf âldershûs!
Der boarte ik oan har
knibbel
yn dy, myn âlderhûs.


It wrede needlot
twong my
by myn âlden wei,
en alles, wat ik
leaf ha,
liet ik yn Fryslân nei.
Der wenne alear in famke,
dy joech my hert en hân;
No rest hja op it tsjerkhôf
yn 't ynleaf heitelân.

Lân, leaf, leaf heitelân!
No rest hja op it tsjerkhôf,
yn 't ynleaf heitelân.


Lit my ek ienkear
lizze
yn 'e Fryske grûn;
Foar’t my myn ‘lân werom
hat,
hab ik gjin rêste fûn.
'k Wol oer de seeën strûze
troch stoarm en weachgebrûs,
en stjerre yn 't âlde Fryslân,
yn 't ynleaf âldershûs,

Hûs, leaf, leaf âldershûs!
En stjerre yn 't âlde Fryslân,
yn 't ynleaf âldershûs.

Geen opmerkingen: