woensdag, oktober 30, 2013

In wurklist Een agenda

Bytiden moat in minske neat dwaan en neitinke, ôffreegje, bystjoere, kedize. Docht er dat net, dan rint er mar troch en wit sels net wêrom. Heidegger seit, dat de normale hâlding fan’e hjoeddeiske minske de flechthâlding is, wy binne duorjend op’e flecht. Wêrfoar? Foar ússels. “Nimmen kriget in wurklist foar syn libben”, seit it buordsje. Nee, hy krijt it net, mar hy makket der sels wol ien, grôtfol, sadat er net hoecht nei te tinken en dat bringt Doarmer wer by de haadfraach, is der in libben foar de dea?

Geen opmerkingen: