dinsdag, april 04, 2006

Duiven Douwen

Driuw nou mar hinne, sêfte en blanke lieten
En gean as stille douwen fan myn hân;
To lang wie ’t dat jim op ‘e matte sieten
Langjend nei de blauwe loft oer ’t sinnelân.

Ik lit jim op fan ’t wytbiskomme strân,
En hwat jim skuldleaze eagen my forwieten
Ik meitsje it goed- sadré jim my forlieten
Libbet dit herte greatsk yn sterk bistân.

Dêr saeije wer de blanke wjukken hinne
En ‘k eagje har troch blide triennen nei
Sa lang en fier as’t kin; en yn myn herte

Bigjint it wûnder fan in nije berte;
Ik wyk fan ’t wytbiskomme strân net wei –
Hja blinke as sulverwolkems yn ‘e sinne.

Fedde Schurer

1 opmerking:

Anoniem zei

De dichter vergelijkt hier zijn liederen met duiven die hij laat vliegen vanuit zijn hand, terwijl hij staat op het "witbeschuimde strand".Hij vindt ook dat hij de liederen te lang bij zich heeft gehouden , terwijl deze verlangden naar de blauwe lucht. Als hij ze tenslotte de vrijheid heeft gegeven en ze lange tijd nakijkt met hun vleugels (wjukken), dan beleeft hij het wonder van een nieuwe geboorte (berte). Er ontstaan weer nieuwe liederen.