vrijdag, september 15, 2006

In dreamke

Rûndoarmjend siket er de beam,
de beam fan it hjir en no,
yn it grien sjongt in geal
it liet fan lok en langstme,
en in twirre boartet sêftkes
mei it koar fan núnderjende blêden.
De rouwe tiid eanget
en ivich is dêr yn it skaad
fan dy beam in longerjende leafde.

Geen opmerkingen: