donderdag, juli 12, 2007

De lytse jefte De kleine gave

Genietsje fan de roken fan it lân
en fan de lytse jeften fan it libben
in skouderklop, in tút, in fikse hân,
in bliid petear mei freonen en mei sibben.

Genietsje fan de betsjoenende muzyk
fan beammerûzjen en fan fûgelsjongen,
fan bern dy’t fleurich djoeie op ‘e dyk
en fan de sú’vre sfear yn fersen fongen.

Genietsje fan de lije sinneskyn
en nip mar hoeden fan de swiete wyn,
bespeur it stadich streamen fan dyn bloed
en nim it libben oan. Genietsje hjoed!

Marten Sikkema

Geen opmerkingen: