vrijdag, juli 31, 2009

De lilke hiemdogge De boze erfhond


Hjoed hat Doarmer twa oere sânentrittich rûn yn’e baarnende sinne tegearre mei J. Foar J. wie dizze ofstân al in hoartsje lyn, hja waard dan ek hieltyd swijsumer. Út W. wei gyng it earst njonken it spoar. Dêr by in pleats hiene Doarmer en J. in moeting mei in lilke hiemdogge. Hy bile en liet syn tosken sjen, sadat J. tige kjel waard. Lokkich eanget Doarmer nea en de hûn joech belies. Dêrnei gyng it oer it W. fjild nei de skieppeskuorre en doe lâns de râne fan’e heide om oer it doarp H., dat in bytsje op in hichte leit, wer rjochting W. Nei ôfrin fielde Doarmer of’t er tsien pûn ferlern hie en ek de toarst wie slim.

2 opmerkingen:

pater Pierre de Bree s.j. zei

Prisiau yn cynnwys gwirfoddol o tuag at adfer chynnal a chadwr meddiant hywn. Os ydwych drethdalwr yn cwblhewch???

Doarmer zei

Waarde pater S.J., Doarmer neemt aan dat u momenteel in Cymru bent om de daar verblijvende heidenen het uitzicht op verlossing te bieden.Helaas heeft Doarmer vroeger op school bij het vak Cymraeg niet zo goed opgelet, zodat hij niet alles begrijpt, wat u geschreven heeft.