maandag, augustus 24, 2009

It bern en it weagjend nôt Het kind en het wuivend graan

Bern bin ik fan de boeren fan dit lân,
En op har pleatsen is myn jonkheid foarme.
Sûnt ha myn tinzen mennich paad lâns doarme
En geast en hert ha oeral fiedsel fûn.

Nin skientme wurdt my ea op ierde swider
As Fryske miede en Fryslâns weagjend nôt;
Nearne is in hillichdom dit Fryske hert’blider
As dat de dreamen fan syn âlden hâldt.

Douwe Kalma

Geen opmerkingen: