vrijdag, april 01, 2011

Trijehûndert tûzen Driehonderdduizend

Van het internet : Dútslân besuniget net op Frysk BRÄIST – “Hoewol’t wy besunigje moatte, sille wy net koartsje op de stipe foar de minderheden.” Mei dat fleurich boadskip helle de Dútske steatssekretaris foar kultuer Bernd Neumann in entûsjaste reaksje út yn Noard-Fryslân. Neumann sei dat it wichtich is om minderheidstalen net samar ferdwine te litten. De steatssekretaris die syn útspraak ôfrûne sneon by de offisjele iepening fan it Frysk hûs yn it Noardfryske Bräist. It gebou oan de Sööderstroote yn dat plak biedt sûnt oktober ûnderkommen oan ferskate organisaasjes dy’t warber binne op it mêd fan de Fryske taal en kultuer. De Dútske steat stipet de Fryske kultuer mei in bedrach fan trijehûndert tûzen euro yn it jier. Foar it oankeapjen en ynrjochtsjen fan it Frysk hûs hawwe de Friezen yn Dútslân in ekstra stipe fan trije ton krigen.

Geen opmerkingen: