
Doarmer
It is net sa, dat yn it libben net regelmjittich warskôgings jown wurde, as d’er swierrichheden driigje . Mar it is as mei it boerd , dat seit” tink derom, hjir hast fallend stiente”. Lju fiele harren dan in bytsje ûnnoflik, fiele machteleazens , feroarje kinne hja ommers neat. Wat besiket sa’n boerd dúdlik te meitsjen? Gea werom, hjir driget de dea, gea fierder, mar net eamelje ast in tsjokke stien op dy krijst. Kin dan jit eamele wurde? Yn in protte gefallen hat men gjin kar, it libben wurdt no ienris libbe. In soad kinne wy net regelje en eink hawwe wy allinnich ferlet fan lok. Ja , hjiroan moast ik hjoed tinke nei twa yngeande petearen.