Harkje nei
de ljurk Ik kin’t net keare, dat de floed
Fan sinnepracht myn hert berint
En dat myn jong en bûnzjend bloed
De moaie ierde fûl bemint,
Dat hiel de rike, wûndre wrâld
My finzen hâldt
De waarme weelde fan’e dei
De blom dy’t foar myn finster stiet,
De lytse brune faam dy’t mei
Bananen by de doarren giet-
Myn leafde neamt se allegear
Aloan en wer.
‘k Stean by de bern, as yn’e loft
in glânzge fleanmasine bromt;
ik rin mei eltse blide kloft,
En as Michiel te spyljen komt
Dan bringt my syn harmoanika
Oan’t skriemen ta.
Hâld jimmer Hear, myn eagen rein,
Om wiid ferwûnd’re as in bern,
By alles wat dizz’ ierde skein’
It moaie dat ús bliuwt, te sjen.
Dan bloeit ek út’e lytste knop
It wûnder op.
In ljurk, dy’t yn’e súv’re moarn
De lege lânen efterlit,
Dy’t dronken fan syn eigen toan,
Oars net as sulvren blidens wit,
En as syn liet nei d’ein ta rint
Al wer begjint;
Sa springt myn hert, út leed en ûnk,
Ut lege mieden fan fertriet
En sjit omheech, in ljochte fûnk,
In blinkend, selsfergetten liet
Dat sjongend altyd heger klimt
En nea gjin ein mear nimt
Fedde Schurer Muzyk: Sânman en Sikke